2021-09-18 17:55:46
zondag 19 september 2021

Hanneke Westert wint NK Fierljeppen by de famkes

By it NK fierljeppen yn Burgum wie Hanneke Westert (Afkelânsdyk) sneontemiddei de bêste by de famkes. Mei in sprong fan mar leafst 16.23 meter waard sy Nederlânsk Kampioen. 

Nea earder sprong Hanneke fierder as 16 meter, mar no wie it yn de earste finalesprong fuortendaliks raak. De 16,23 meter wie net allinnich in nij persoanlik rekôr foar Hanneke, it is ek in nij skânsrekôr foar Burgum. 

De oare famkes slaggen der net yn foarby dizze mega-sprong te kommen. Suzanne Mulder fan Vlist einige twadde (15,40) en Inger Haanstra fan It Heidenskip waard tredde (14,49).

Poerbêst dien Hanneke! Fan herte lokwinske mei dizze winst!


advertentie