2021-09-22 20:53:15
woensdag 22 september 2021

Ekstra kaarten foarstelling Wat Soesto!

‘Wat Soesto!’ is ôfrûne freed yn premjêre gien yn in hast útferkochte seal yn Theater Sneek. De foarstelling fan Freark Smink, ûnder regy fan Jos Thie, is in ynkringend portret oer in hjoeddeiske boer yn in bysûndere famylje.

Fan 25 septimber ôf meie de teatersealen en doarpshûzen wer fol en dêrom binne der no ekstra kaarten beskikber. Op sneon 13 novimber is de foarstelling te sjen yn It Harspit

Kaarten en mear ynformaasje: pier21.nl.


advertentie