2021-10-01 11:39:36
vrijdag 1 oktober 2021

Rêstende winterfûgels yn de Fryske marren

It fûgelrêstseizoen set dizze moanne wer útein. Dat betsjut dat elkenien dy't it Fryske wetter opgiet giele boeien mei blauwe stickers tsjin komme kin. Fan 1 oktober oant 1 april wurdt oan de wettersporters frege dizze mei boeien markeare gebieten net yn te farren. Sa kinne oerwinterjende fûgels foldwaande útrêste en reserves opboue foar de maitiid en it simmerskoft. 

De fûgelrêstgebieten lizze yn de Natura2000-gebieten Snitser Mar en omjouwing, de Wite en Swarte Brekken, de Aldegeaster Brekken, de Fluezen en de Alde Feanen. Wetterfûgels lykas de lytse seachbek, de slob, de smjunt en de piiptsjilling oerwinterje graach yn ús omkriten. Eltse fersteuring soarget foar ûnrêst by de fûgels en der is net folle nedich om se yn grutte groepen opfleane te litten. Sa ferlieze se de opboude reserves dy't de fûgels brûke moatte om yn'e maitiid wer fierder fleane te kinnen.

Wolst mear witte oer de fûgelrêstgebieten? Sjoch www.fryslan.frl/vogelrustgebied.  

 

Lytse seachbek (nonnetje), slob (slobeend), smjunt (smient), piiptsjilling (wintertaling).


advertentie