Wy sille noch mar net al te folle ferklappe, dêrfoar moatte jim de kommende dagen sels mar eefkes in kuierke troch de streek meitsje.
Moarn kin de flage út en sette de doarpsfeesten jûns útein op it iisbaanterrein mei in âlderwetske doarpsjûn yn de feesttinte. Dan krije we te sjen wa't de grutste talinten fan Top en Twel binne.
Boppedat liket it de kommende dagen ek nochris treflik waar te wurden. Goed ynsmarre, dan komme wy mekoar grif tsjin op de feestpôle! De feesten binne fan 12 oant 15 juny.