2023-03-17 21:19:41
vrijdag 17 maart 2023

Earste ljipaai jeugd fûn troch Tjeerd de Jong

Tjeerd de Jong hat opnij it earste ljipaai fan de jeugd fûn. Ferline jier wie de jonge Twellingeaster ek al de earste. Hy fûn it aaike fanmiddei om 15.00 oere yn de Eastpolder.

De Fûgelwacht út Top en Twel hat noch kontakt hân mei de Bûn fan Fryske Fûgelwachten (BFVW) at Tjeerd miskien ek de earste wie fan Fryslân, mar der wie ien him krekt foar. Dochs wol in bytsje spitich, want dan wie it hielendal feest west fansels. 

Mar it makket om ús de prestaasje der net minder om. Bist mar wer moai de earste fan Top en Twel, Tjeerd! Fan herte lokwinske mei dyn fynst!


advertentie