2026-09-26 18:12:06
zaterdag 26 september 2026

Schnitzelmotortocht makket in tuskenstop by Antonius

In bysûnder momint sneontemiddei tidens de Schnitzelmotortocht fan it Top en Twelster Motortreffen. Ien fan de fêste dielnimmers, Gerrit Soeten, koe dit jier net mei ride nei in swier motorûngelok. Hy leit op it stuit yn it Antonius sikehûs yn Snits.

Gerrit hie de organisaasje al witte litten dat it motortreffen der dit jier net yn siet. “Dit jier wurdt ’m eefkes net”, liet hy witte. Dêrom besleaten de dielnimmers in tuskenstop te meitsjen by it Antonius. Dêr stie Gerrit harren al op te wachtsjen. It waard in waarm en bysûnder momint, mei in hertlike groetnis en de allerbêste winsken foar it herstel.

Nei in moaie rûte en treflik waar waard de motortocht ôfsletten mei in neisit en de tradisjonele schnitzel yn kafee De Buorren. Oft der yn it Antonius hjoed ek in schnitzelke foar Gerrit op it menu stie, is ús net bekend.

Der is noch in wei te gean, dêrom betterskip en in goed herstel tawinske Gerrit!


advertentie