De útslach like noch eefkes ûnwis troch in protest nei in bakboard-stjoerboardsituaasje. De protestflaggen waarden lykwols noch foar de finish ynlutsen. It fjirde plak bleau dêrmei stean.
In moaie start dus fan de IFKS-sylwike, hielendal omdat de wedstriid fan sneon by Hylpen noch ôfbrutsen waard fanwege te min wyn. Doe koe der gjin útslach delsetten wurde. Wannear 't dizze wedstriid ynhelle wurdt, is noch net bekend.
Moandei wurdt der syld op de Hegemer Mar by Heech. De earste wedstriden begjinne om 09.15 oere. Publyk is fan herte wolkom, mar miskien is dat noch krekt wat te betiid foar guon folgers fan it TT-skûtsje. Gjin noed, mei it moarnsbakje en it brochje by de hân binne de wedstyden ek thús of op fakânsje live te folgjen fia IFKS-TV.