2026-08-02 20:06:15
zondag 2 augustus 2026

TT-skûtsje sylt nei fertsjinstlik fjirde plakje by Starum

In poerbêst begjin foar it Top & Twelster-skûtsje; snein einigen ús doarpsgenoaten as fjirde yn de C-klasse fan it IFKS-skûtsjesilen op it Iselmar by Starum. Nei in treflike start rûn it skûtsje as earste om de hege ton, mar dy kopposysje koe net oant de finish fêsthâlden wurde.

De útslach like noch eefkes ûnwis troch in protest nei in bakboard-stjoerboardsituaasje. De protestflaggen waarden lykwols noch foar de finish ynlutsen. It fjirde plak bleau dêrmei stean.

In moaie start dus fan de IFKS-sylwike, hielendal omdat de wedstriid fan sneon by Hylpen noch ôfbrutsen waard fanwege te min wyn. Doe koe der gjin útslach delsetten wurde. Wannear 't dizze wedstriid ynhelle wurdt, is noch net bekend.

Moandei wurdt der syld op de Hegemer Mar by Heech. De earste wedstriden begjinne om 09.15 oere. Publyk is fan herte wolkom, mar miskien is dat noch krekt wat te betiid foar guon folgers fan it TT-skûtsje. Gjin noed, mei it moarnsbakje en it brochje by de hân binne de wedstyden ek thús of op fakânsje live te folgjen fia IFKS-TV.


Geplaatst door: Top en Twelster Skûtsje

advertentie