2021-12-11 12:11:38
zaterdag 11 december 2021

Kaartferkeap 'Echt Wier!' útein set

Op 19 maart 2022 spylje de Fryske akteurs Jan Arendz en Marijke Geertsma it teaterstik 'Echt Wier!' yn MFC It Harspit. De online kaarferkeap fan dizze foarstelling is hjoed útein set. Jim kinne de kaarten alfêst reservearre fia de webside fan It Harspit. Wês der op tiid by, want krekt as it Fryske stik 'Wat Soesto!' kin it samar útferkocht wêze.

Oer 'Echt Wier!'
As je lang byelkoar binne, dan falt der wolris in stilte. In stilte dy’t hieltyd langer duorret, omdat it measte al sein en ferteld is. Mar as de relaasjeterapeut dan wol, dat je ferplicht in oerke deis mei elkoar prate, dan dogge je dat, dan geane je der foar sitten. Dan komme de ferhalen, miskien sels wol de geheimen, noch noait earder ferteld. Dan lokket it ien it oare út en dan docht ek bliken dat hoe lang je ek byelkoar binne net alles sein en ferteld is.

Echt Wier! is in foarstelling mei ferhalen en anekdotes oer deistige saken, oer trou en iensumheid, oer opromje en bewarje, oer sliepe en wekker lizze, oer waar en wyn, oer doe, oer no, oer aanst. Jan Arendz en Marijke Geertsma ferbrekke de stilte, fertelle ferhalen en spylje scènes, komysk en út it libben sels. In nij oarspronklik Frysk toanielstik fan Bonne Stienstra. Mei as spesiale gast Frâns Faber, tekenaar, ylustrator en muzikant. Yn de rezjy fan Bruun Kuijt.

Kaartferkeap (onlline)
Sjoch op de webside fan It Harspit: www.itharspit.nl
Ha jim f​​​​​ragen of wolle jim mear ynformaasje? Stjoer in e-mail nei evenementen@itharspit.nl.

Oant sjen yn It Harspit!