2022-03-01 20:47:31
dinsdag 1 maart 2022

‘Stimme op in rûnfeartboat!’

Op woansdei 16 maart, de dei fan de gemeenteriedsferkiezings, sil der ek in stimboat troch ús gemeente farre. Net foar neat is Súdwest-Fryslân ommers in wettersportgemeente

De rûnfeartboat 'Tourist VI' sil tsjinst dwaan as stimlokaal en neist Heech en Snits ek Twellingea oandwaan. Woansdeitemiddei fan 14.00 oant 17.00 oere leit de stimboat oan de Skou en kinne jim dêr ek terjochte om jim stim út te bringen.

Neffens de gemeente is de boat foar minsken dy't minderfalide binne net sa geskikt, mar miskien kin dêr noch in oplossing foar socht wurde. Oars is it stimlokaal yn it Harspit ek gewoan iepen fansels.

 


advertentie