2022-04-09 13:44:59
zaterdag 9 april 2022

Himmeldei yn Top en Twel wer in grut sukses!

Himmeldei sneontemoarn wie wer in daverjend sukses. Yn gearwurking mei de ZOU, Fûgelwacht en CBS It Harspit wienen der in soad frijwillgers, wêrûnder sa'n 30 skoalbern, op paad om alles yn en om it wetter frij te meitsjen fan swalkôffal. Om healwei njoggenen sette de float utein fanôf de Skou.

Mei de start fan it farseizoen kommendewei leit alles der wer skjin en netsjes by, sa as it heart. De himmelaksje smiet trouwens wer in soad ôffal op en dat betsjut dat Himmeldei noch hieltyd nedich is.

En neffens tradysje stie de patat en fris nei ôfrin wer klear yn Kafee De Buorren.


Foto's Jellie Boschma-Schriemer


advertentie