2020-12-16 19:09:46
woensdag 16 december 2020

Oerlêst fjoerwurk op de Tsjerkebuorren

We witte allegear wol dat it ôfstekken fan fjoerwurk fan ‘t jier ferbean is.  Dat is ferhipte spitich foar dyjinge dy’t graach knalle mei mar it ferbod sil dochs wier troch elkenien neilibbe wurde moatte.

Oan de knallerij yn ‘e streek is lykwols te hearren dat it foar guon jongelju mar muoilik is harren oan it ferbod te hâlden. By de plysje binne alwer in stik as wat meldings dien troch ynwenners dy’t soargen hawwe om harren húsdieren. Nei alle gedachten sil der dêrom de kommende tiid mear surveillearre wurde dus de kâns op betraapjen en in boete is grut. En dy boete liicht der net om, dus lit it net safier komme.

(foto: Leeuwarder Courant)


advertentie