2022-11-26 11:40:06
zaterdag 26 november 2022

Grut feest: Sinteklaas is yn Top en Twel!

It wie alwer in skoftke lyn dat Sinteklaas oankaam op de Skou yn Twellingea en it wie ek eefkes sykjen. Hast soe Sint mei syn Piten de Skou foarby farre, mar sa fier kaam it lokkich net.

Der stiene safolle bern út Top en Twel op Sinteklaas te wachtsjen en dy makken safolle lûd, dat it koe net misse. De ûntfangst wie wer oerweldigjend en nei it begroetsjen fan alle berntsjes en it meiïnoar sjongen fan sinteklaasferskes gie it selskip op wei nei it Harspit foar de Pitendisko. Wat in feest!


advertentie