2023-11-06 21:08:37
maandag 6 november 2023

Aldereinmiddei yn it Harspit; fan âld Top & Twel nei Marokko

Wat in moaie âldereinmiddei hawwe wy moandei belibbe mei Gerrit en Els de Jong. De opkomst fan sa’n 30 minsken wie dik ynoarder. It earste bakje wie fan it Harspit.

Gerrit en Els lieten earst prachtige dia’s sjen fan âld Toppenhuzen en Twellingea en dêrnei fan harren geweldige reis nei Marokko, wêr’t se moaie ferhalen oer fertelden. 

Al mei al tige slagge en sa’n noflike middei kin om ús wol faker. Ideeën binne wolkom!

(argyffoto)


Geplaatst door: MFC It Harspit

advertentie