De kofjetafel is iepen fanôf 9.30 oere en omdat it de lêste kear is, wurdt der ôfsluten mei in kopke sop en in broadsje.
It idee fan de kofjetafel is goed twa jier lyn ûntstien. Der wie doe ferlet fan in plakje om eefkes in moarn byinoar te kommen en noch hieltyd skoot op freedtemoarn in fêst ploechje oan foar in bakje, mar eltsenien is wolkom!
No is it maitiid. Tiid om wer mear nei bûten ta te gean en te genietsjen fan hooplik moai simmerwaar.