2026-03-11 19:47:48
2026-03-11 19:47:48
woensdag 11 maart 2026
Sipke Willem de Schiffart fynt earste ljipaai fan Top en Twel
Woansdei 11 maart wie it wer safier: it earste ljipaai fan ús fûgelwacht is fûn. De lokkige is dit jier Sipke Willem de Schiffart. Hy fûn it aai om 12.00 oere fanmiddei yn de polder by Jan Wind en Jan Germ Brouwer.
En dêr bleau it net by, want Sipke Willem hie dûbel gelok. It bliek nammentlik ek noch in twake te wêzen. De ljippen binne ek wat earder as oare jierren. Ferline jier waard it earste ljipaai fan ús doarpen op 15 maart fûn.
In prachtige start dus fan it nije briedseizoen! Fan herte lokwinske mei dizze moaie fynst, Sipke Willem!