2026-03-23 21:36:41
dinsdag 24 maart 2026

Freed it lêste ‘bakje’ yn It Harspit

Freed 27 maart is alwer de lêste kofjemoarn yn it Harspit. Jim binne wolkom om gesellich oan te skowen oan de kofjetafel yn de Mienskipsromte foar in praatsje, eefkes omsjen nei mekoar, en fansels foar de lêste doarpsnijtsjes. 

De kofjetafel is iepen fanôf 9.30 oere en omdat it de lêste kear is, wurdt der ôfsluten mei in kopke sop en in broadsje. No't de maitiid fierder giet en it waar nofliker wurdt, is it tiid om der wer mear op út te gean. Hooplik kinne wy genietsje fan in moaie simmer.


Geplaatst door: MFC It Harspit

advertentie