2021-01-25 20:03:04
maandag 25 januari 2021

Alwer twa jier lyn dat wy ride koene op de iisbaan

Kinne wy de redens noch ûnderbine dizze winter? Meteorologen litte de lêste dagen in posityf lûd hearre, want in saneamde 'splitsing fan de polar vortex' boppe de Noardpoal soe wolris in kâlde luchtstream nei ús omkriten ta bringe kinne.

Net eltse waarsaakkundige is oertsjûge. Waarman Piet Paulusma bêdet it optimisme al wat del en jout oan dat de redens foarearst noch wol yn it fet bliuwe kinne.

Wat de leafhawwers oanbelanget mei Piet it diskear wolris mis hawwe, want hjoed is it alwer twa jier lyn dat we eefkes de iisbaan opkoenen om te riden. 


advertentie