2026-05-13 18:03:57
woensdag 13 mei 2026

Bankjes Broeresleatparkje oerwoekere troch it grien

Saakkundigen fan de gemeente sille grif in bioferskaat parkje oan de Broeresleat foar eagen hân ha. Mear romte foar blommen, planten en bisten is fansels in moai doel, mar op dizze wize sjocht it der wol hiel fertutearze út.

It grien raast op it stuit ta de grûn út en wy begripe dat de meanmasjines fan gemeente SWF net oeral taglyk wêze kinne, mar dit is wol tige hastich bart. Sa'n bankje is bedoeld as rêstplakje foar kuierders dy't yn it parkje eefkes genietsje wolle fan al it moaie om harren hinne yn dizze tiid fan it jier, mar sa noeget it net echt út om jo eefkes del te jaan.


advertentie