2021-06-09 10:58:43
woensdag 9 juni 2021

Dochs in bytsje doarpsfeest

‘Normaal' soene we it kommende wykein doarpsfeesten fiere, mar dat sit der ek dit jier net yn; net sa’t wy dat wend binne yn elts gefal. It bestjoer fan ús Oranjeferiening is lykwols like entûsjast as oare jierren en kin mar muoilik stil sitte at it om feest giet. Dêrom giet de tradisjonele Bingo op tongersdeitejûn ‘gewoan’ troch; al sil dat fan ‘t jier online wêze, mar dêr is de wille grif net folle minder om.

Boppedat is der yn gearwurking mei skoalle foar soarge dat ek de bernefeesten op freed trochgean kinne. En sa’t hjir al te lêzen wie, stiet der foar oankommende sneon in Rebusfaart op it programma dy’t  troch it ZOU-bestjoer organisearre wurdt.

Al mei al liket it dochs in ferhipte soad op doarpsfeesten en litte we earlik wêze, dêr hearre flachjes by! Wa docht mei en hinget tongersdei de flachjes op? Al soe it allinnich mar foar it gefoel wêze en fansels jout it de bernefeesten krekt dat bytsje mear.

(foto: Elske Leenstra, doarpsfeest t&t 2014)


advertentie