2021-10-08 17:11:41
vrijdag 8 oktober 2021

Twa dagen feest yn Top en Twel

De tinte stiet der wer, hielendal klear en ynrjochte foar twa jûnen live muzyk mei publyk op it iisbaanterrein. Twa kear efter mekoar koene yn juny de doarpsfeesten net troch gean, mar no it wol wer kin, hat de Oranjeferiening der in oare draai oan jûn en der in 'Oktoberfest' fan makke.

It programma sjocht der sa út:

- Freed, tinte & bar iepen fanôf 17:00, live muzyk fan Smûk fan 19:00 oant 23:00.
- Sneon tinte & bar iepen fanôf 16:00, live muzyk fan Alice Springs fan 19:00 oant 23:00.

Fansels jilde der noch regels. Hâld jim dêr gewoan oan. Dan wurdt it wer âlderwetsk gesellich!


advertentie