Ek in emosjoneel momint foar Hanneke, omdat se fuortendaliks wist dat dizze lêste sprong genôch wie foar it kampioenskip. Lange tiid stie Sanne Bouwstra út Reduzum boppe oan, mar sy slagge der net mear yn om foarby Hanneke te kommen. Tredde waard Sigrid Bokma (Hylpen).
Geweldich Hanneke! Fan herte lokwinske!
Uitslag
| 1. Hanneke Westert | 16,91 | |
| 2. Sanne Bouwstra | 15,46 | |
| 3. Sigrid Bokma | 15,27 |