2026-08-15 16:56:59
zaterdag 15 augustus 2026

Hanneke Westert Frysk kampioen fierljeppen!

Sneontemiddei is Hanneke Westert Frysk kampioen fierljeppen by de froulju wurden. Op de skânsen yn Winsum sloech Hanneke ta yn de lêste sprong fan de finale. Se ljepte nei in ôfstân fan mar leafst 16.91, mear as genôch foar de titel. It is har earste Fryske titel.

Ek in emosjoneel momint foar Hanneke, omdat se fuortendaliks wist dat dizze lêste sprong genôch wie foar it kampioenskip. Lange tiid stie Sanne Bouwstra boppe oan, mar sy slagge der net mear yn om foarby Hanneke te kommen. Tredde waard Sigrid Bokma. 

Fan herte lokwinske Hanneke! 


advertentie