De FNP stelde op 21 oktober skriftlike fragen oan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders, nei oanlieding fan soargen fan bewenners út Twellegea. Sy binne benaud dat fytsers straks twa kear in drokke dyk oerstekke moatte of in ein omfytse moatte. Benammen foar bern kin dat yn de tsjustere wintermoannen ûnfeilige situaasjes opleverje.
Breed fytspaad oan westkant
Yn de beantwurding fan 10 novimber befêstiget it kolleezje dat Rykswettersteat fan it ministearje de opdracht krigen hat om in sobere en doelmjittige fariant út te wurkjen. Yn it earste konsept is gjin romte foar in fytspaad oan de eastkant fan de brêge.
De gemeente set dêrom yn op in breed fytspaad mei fuotpaad oan de westkant. Dat fytspaad moat ûnderdiel wurde fan de trochfytsrûte tusken Snits en De Jouwer.
Feilige oerstekplakken
It kolleezje seit him yn te setten foar in feilige ferbining mei it doarp, foar sawol jong as âld. Dêrby wurde ferskate mooglikheden ûndersocht, lykas feilige oerstekplakken, in ûndertrochgong by de brêge en tagonklike taludtreppen.
De gemeente is hjir noch oer yn petear mei Rykswettersteat. It kolleezje wol in feilige fytsferbining en oansluting op it doarp oan beide kanten fan de brêge. Mocht bliken dwaan dat it besteande fytspaad oan de eastkant echt net behâlden wurde kin, dan wurdt ynset op in feilich alternatyf.