advertentie
Toanielferiening "Fordivedaesje"
Fordivedaesje” bloeit al mear as 45 jier.
De feriening is oprjochte yn 1977 troch twa tûke spilers yn Top & Twel: Douwina Bouwhuis en Uiltje F. de Jong. In jier letter koe it earste stik opfierd wurde: “Lok wat jouwste”. Waarden der yn it begjin noch meast blijspullen foar it fuotljocht brocht, yn ‘e rin fan’e tiid kamen der ek serieuzere stikken oan bar. En benammen dêrmei hat de feriening in soad eare ynlein.
Der binne in soad leden, spyljende leden en donateurs en der komme stadichwei nije leden by.
By de jierlikse toanielkriich fan Stifting Amateurtoaniel Fryslân slagge it Fordivedaesje Top & Twel tusken 2010 en 2014 troch te brekken fan de leechste nei de heechste klasse. Yn 2010 promovearre sy fan de 3e nei de 2e klasse mei “De Trije Einepiken”, yn 2012 nei de 1e klasse mei “Ien fleach oer it koekoeksnêst” en yn 2014 kaam de bekroaning mei promivaasje nei de ‘by útstek’-klasse mei it drama “Sneinsbern”. Heech skoarde de feriening ek mei “De Ytkeamer” (2016) en it grutte iepenloftspul “De Striid”, wêr’t de leginde oer it ûntstean fan it twillingdoarp yn útbylde waard, krige yn 2017 priizgjende kritiken fan de parse.
En yn 2022 in wiere premiêre: Fordivedaesje Top & Twel is de earste toanielferiening dy’t “It Deiboek fan Anne Frank”, de Fryske oersetting fan it Broadway-stik “Diary of a Young Girl”, binnen op it toaniel útfiert hat. Ek noch ûnder rezjy fan Rense Rotsma, de man dy’t nei New York ta reizgje moast om de rjochten hjirfoar los te krijen en yn Deinum Gouden Gurbes wûn mei syn bewurking as iepenloftspul.
De filosofy fan de feriening is “foar it doarp en mei it doarp”. Dat wol sizze dat oan de fraach nei loftige kluchten noch altyd mei likefolle nocht foldien wurdt as oan it delsetten fan in psychologysk drama. It betsjut ek dat net altyd mei deselde spilers wurke wurdt, wat fansels ta mear ûnderfining en hegere aktearprestaasjes liede soe, mar dat hieltyd wer oare spilers in kâns krije op it toaniel. Troch dy ynstek binne der bytiden ûnferwachte peareltsjes fûn.
Om ek de nije generaasje sa folle mooglik by it toaniel te belûken wurde der in protte ienakters spile mei spesjale rollen foar jongerein. Fordivedaesje is dan ek ien fan de Fryske toanielferienings mei de measte jonge spilers op’e list.
Nieuws
It Deiboek fan Anne Frank - 2022
"De Striid" - 2017
It bestjoer
Toanielferiening "Fordivedaesje" is oprjochte yn 1977. In jier letter koe it earste stik opfierd wurde en dat wie: 'lok wat jouwste'.
It oprjochtingsbestjoer bestie út Wietse Hoekstra, foarsitter. Douwina Bouwhuis, ponghâldster en Uiltje F. de Jong, skriuwer.
In jier letter is Klas Hofstee skriuwster wurden.
De feriening bloeit noch altyd, al mear as 45 jier.
Der binne in soad leden, spyljende leden en donateurs en der komme noch altyd nije leden by.
Wolle jo ek graach lid wurde, meld jo dan oan by ien fan de ûndersteande bestjoersleden of mail nei secretariaat.fordivedaesje@gmail.com
It bestjoer bestiet op dit stuit út de folgjende persoanen:
- Mirjam van der Meer
- Cory Fabriek
- Herman Rijpkema
- Hans Rink Bergsma
Toaniel Histoarje
Hjirûnder bin alle stikken werom te finen die wy op de planken brocht ha. (Hawwe jo mear informaasje of foto's, lit it ús witte.)
Jier | Titel | Genre | Skriuwer | Rezjy |
2022 | It Deiboek fan Anne Frank | Drama | Frances Goodrich / Albert Hackett | Rense Rotsma |
2020 | Farao Aromat II | Ienakter | A. de Vries / M. de Groot / K. Visser | Jan Overwijk |
2020 | Groetnis fanôf it Amelân | Ienakter | J. Vriens | Wolter Overwijk |
2019 | De laits fan Izebaits | Blijspul | A. Bremer | Mirjam van der Meer |
2017 | De Striid | Iepenloftspul | Paul van Dijk / Jurjen Faber | Fordivedaesje |
2016 | Belje dokter | Ienakter | Anja Steegstra | Mirjam van der Meer |
2016 | Op fekânsje | Ienakter | A.Pander | Jan Overwijk |
2016 | tom tom | Ienakter | A.Pander | Jan Overwijk |
2016 | de ytkeamer | Drama | A.R Gurney JR | Wiesje Jansma |
2015 | Wat binne wy moai fourt | blijspul | Diana Monshouwer | Geartsje Hoekstra |
2014 | Stille gast | Ienakter | Rob Boudestein | Mirjam v/d Meer |
2014 | Werom | Ienakter | Freddie Reijenga | Mirjam v/d Meer |
2014 | Spoeken bestean net | Ienakter | C. Berends - Schel | Wolter Overwijk |
2014 | Sneinsbern | Drama | Bob Larbey | Freddie Reijenga |
2013 | Serenade | ienakter | MROZEK, Slawomir | Wolter Overwijk |
2013 | Elk foar him sels | ienakter | Anders Rozendal | Geartsje Hoekstra |
2013 | de Goate | blijspul | T. Davids | U.F de Jong |
2013 | Gaswacht | ienakter | J.J Hijma | W.Overwijk |
2013 | Kofje of tee | ienakter | G. Groot Karsijn | T. de Vries / J.Visser |
2012 | Ien fleach oer it koekoeksnêst | drama | Dale Wasserman | Wiesje Jansma |
2011 | Reisburo exodus | blijspul/ienakter | F.Jaasma | W.Overwijk |
2011 | in soer puddinkje | blijspul/ienakter | Pat Cook | M.Hoekstra |
2011 | dat ha jo goed sketten | Blijspul | Derek Benfield | U.F.de Jong |
2010 | www.willem.nl | blijspul/ienaktier | Froukje Popma | W.Overwijk |
2010 | Friens of de filippijnen | blijspul/ienakter | Froukje Popma | G.Nijholt-Hoekstra |
2010 | De trije einepiken | skriller | Agatha christie | U.F.de Jong |
2009 | Sa fest as in hûs | Blijspul | Pyt de Vries | G. Nijholt-Hoekstra |
2009 | Frijheid | blijspul/ienakter | Dooitze Nauta | M.Hoekstra |
2009 | Medysk sintrum betterskip | blijspul/ienakter | Froukje Popma | W.Overwijk |
2008 | Boerebûnt en reade lampen | klucht | Carl Slotboom | U.F.de Jong |
2007 | En doe waard it kryst | musical | Geartsje Nijholt-Hoekstra | G. Nijholt-Hoekstra |
2007 | Dubel ferhierd | blijspul | D.Bouwhuis | |
2006 | In skûle yn 'e nacht | skriller | George Batson | U.F.de Jong |
2005 | It winnende lot | blijspul | Wietse Hoekstra | U.F de Jong |
2005 | Op 'e knibbels | Ienakter | W Overwijk | |
2005 | Oansteande famylje | Improfisaasje | Jan Hager | G. Haaksma |
2004 | Frou en faam | blijspul | Jacques Deval | G.Haaksma |
2004 | Godskes in gabber | Ienakter | Anne Coulter Martens | |
2004 | Operaesje 65 | Ienakter | Max Andrea | |
2003 | Inkele reis noardpoal | blijspul | Carl Slotboom | |
2003 | Wachtsjend wetter | drama | Ytsje Hettinga | |
2002 | De gouvernante fan froubuorren | blijspul | J.hemmink-kamp | |
2001 | It perron | blijspul | Froukje Annema | |
2001 | Moard in 'e klaaikeamer | blijspul/skriller | Jannes Bosker | |
2000 | Net te beteljen sa'n leadjitter | blijspul | Hans van Wijngaarden | |
1999 | Treast mei suker en molke | blijspul/drama | Froukje Annema | |
1998 | De erven fan muoike Gerritsje | |||
1997 | Haitinck mei ck | |||
1996 | Berend past op 'e slach | blijspul | Minne de bildt | |
1995 | Kakkers en Aso's | improfisaasje | ||
1995 | Wite Wytske en de wrotters | |||
1994 | Ferkeard beteard | blijspul | Jan Keulemans | |
1994 | Oppasse (jeugd) | blijspul | Baukje v/d Ploeg | |
1994 | Sa hat it sitten | klucht | Aad Caspers | |
1993 | Wat in heide, Heite (jeugd) | drama/blijspul | roel Klompmaker | |
1993 | Kain | |||
1992 | Skoalleferhaal | |||
1992 | De oefenromte | |||
1992 | Piters prik,prikelet probaat (jeugd) | |||
1991 | It Yntervieuw ( jeugd) | |||
1991 | Simmerdepresje | |||
1990 | As it bloed mar blau is | |||
1990 | In hûs mei in hûshâdster | ienakter | ||
1989 | Better let as net | |||
1988 | Op bleate fuotten | |||
1987 | Albidil | |||
1986 | Under wetter | |||
1986 | Anke springt yn 'e bûtehaven | |||
1985 | Hoe riker hoe briker | |||
1984 | Krús of Munt | |||
1983 | Ynbrekster betrape | |||
1983 | Toanielen om juwielen | |||
1982 | In Heidepyk | |||
1982 | De Strikspjelde | Ienakter | ||
1981 | Reboelje op Rispingestate | |||
1981 | Serenade foar Beits | |||
1980 | Stoarm oer lyts Mankum | |||
1980 | Op 'e knibbels | Ienakter | ||
1979 | Spesjaliteit fan it hûs | |||
1979 | Spoar bjuster | |||
1978 | Lok wat jouwste | |||