2024-05-09 11:28:05
zondag 10 maart 2024

Yn petear mei Wytse van der Leij

It is al wer in pear jier lyn dat Fûgelwachtfoarsitter Jan Germ Brouwer mei it foarstel kaam om dé fjildmannen út ús streek ris it wurd te jaan en harren ferhaal dwaan te litten. Der binne net safolle mear fan dizze minsken en de ferhalen meie eins net ferlern gean, fûn Jan Germ doe en no is miskien wol de tiid. At ik dêrby helpe woe…

It hat dêrnei noch eefkes duorre, mar ein febrewaris skoden wy dan oan by Wytse van der Leij en Anneke Schraa yn de smûke útbou fan harren wente yn Boarnsweach. Shag op tafel, de houtkachel brânt. Wy sjogge út oer it wetter tusken de beide diken wêr’t it Stobberak oergiet yn de Hoarse. Wytse begjint oer de einekuorren. Njoggen stiks hat er efterhûs en oan de oare kant fan it wetter yn it reid stean, mar de eintsjes tale der noch net nei. Der binne ek net safolle einen mear en dat is skande, seit Wytse. “Eartiids wiene yn de streek oeral einekuorren. Eltsenien hie der wol in pear stean, mar de kuorren waarden ek wolris leechrôve. Dan hienen je it smoar yn fansels.”

Boeren en komelkers
De dûk yn it ferline is makke en Wytse is los. Hy fertelt dat er opgroeid is op 'e Noardein. “Dizze tiid fan it jier wiene wy altyd yn it lân te finen. Foar ús wie dat de Douwepoel. Reid snije en aaisykjen.” Neffens Wytse wie it de tiid dat it optilde fan de boeren en de komelkers yn ús doarpen.  Elts hie in pear kij en in pear stikjes lân. Faak wie it lân fier fuort. It wie net frjemd dat in komelker fan de Noardein in stik lân hierde yn de Tjebbepolder of yn it bûtlân fan de Graverij. “En alles gong oer it wetter”, giet Wytse fierder. “Sa wie dat yn dy tiid. Mei it hekkeljen koe it samar wêze dat der 20 man yn it lân oan it wurk wiene. Kinst it dy hast net mear foarstelle en it liket miskien in moai en frij libben, mar it wie hurd wurkjen en bealgjen hear. En dat foar in pear sinten. Fersin dy der net yn.”

“It liket miskien in moai en frij libben, mar it wie hurd wurkjen en bealgjen hear. Fersin dy der net yn “

Wytse kin prachtich fertelle oer dy tiid. Oer alle boeren fan doedestiids, wêr 't se harren lân hiene en ek hoe ’t al die kavels neamd waarden. Alles hie in namme. It dûzelt je sa no en dan eefkes, want sa is Wytse op de Brekken en dan wer op de Fammens Rakken. Mar hy wit it allegear noch feilleas te beneamen. Seizen, finnen, polders, alle fearten, puollen en marren, neam mar op! Bewûndering kin je allinnnich mar hawwe foar sa’n ûnthâld.  Gelokkich is alles fêstlein. Mei help fan Ane de Jong en Tjitte Bouwhuis binne de kavels op in âlde wetterskipskaart beskreaun. Lit dit foar ús neiteam net ferlern gean.

Allegear reade sifers
It wie fansels ek Wytse syn wurk. Nei ’t der by de boer, Gradus Steenbeek, wurke hie, kaam er by it Wetterskip telâne en letter by Staatsbosbeheer. Hy wie dus altyd yn it fjild te finen. Jeie, fiskje, aaisykje. Neffens Wytse wie hy as bern net iens sa ’n minne learling op de Grifformearde skoalle. “By master Wittermans wiene de sifers goed, mar by master Schriemer gong it mis en wie de aardicheid der ôf“, fertelt hy. “Leaver gong ik oan it wurk en der op út. Ik ha it rapport fan dy tiid wolris oan Anneke sjen litten, it is allegear read”, laket Wytse.

Dochs spyt it him wolris dat it sa gien is. “Miskien hie ik wol wat hegerop komme kinnen, mar it wie no ien kear sa. Yn elts gefal ha ik altyd in glûpende hekel oerhâlden oan opliedings, kursussen en sa. By Staatsbosbeheer koenen se der ek wat fan en altyd at it moai waar wie fansels. Dan brânde it my yn. Mar se hienen my wol yn de gaten. ‘Moarn kursus Wytse! Tinkst der eefkes om, seinen se dan’. Dan kaam ik mei opsetsin mei de trekker en hie ik al in moai stik fan it moarnsdiel mist.”

Wytse hat der wille om, mar it seit ek wol dat hy it leafst bûten oan it wurk wie yn it lân tusken de greidefûgels. Grutsk wie hy dat er as jongfeint al gau syn eigen roeiboatsje hie en nei it bûtlân ta koe te aaisykjen. “Fan in komelker krigest gjin boat mei. Dy moast er sels brûke.”

Geduld en observearje
Aaisykje is ek net sa muoilik, fynt Wytse, mar jo moatte geduld hawwe. “Guon wolle fierstente te gau it lân yn en rinne. Gean earst marris in skoft by de hikke sitten en observearje. Ast it gedrach fan de ljip troch hast, is it net sa dreech mear om de aaikes te finen”. 

”Ast it gedrach fan de ljip troch hast, is it net sa dreech mear om de aaikes te finen”

Wytse begrypt dat de jongerein gjin gefoel mear by it aaisykjen hat. “It hat gjin doel om it harren noch te learen. Wy krigen it fan jongs ôf oan mei. Dat is net mear sa en de aardichheid is der ek ôf. De aaikes dy’t je fine, moatte jo no registrearje mei in app op de mobile telefoan. Dat is oan my net bestege. Anneke krijt it noch wol foar mekoar, mar ik bin ôfheakke.” 

In minne saak
It docht him dan ek sear sa 't it no giet. Ljippen en skriezen? It wurdt hieltyd minder, se binne der hast net mear en dat is in minne saak. Earder wiene it allegear greide- en ek wetterfûgels; de karekiet, snip, ljurk tsjirk, de slobein, poepen, hjerringslynders en neam mar op. Fan 'e wike seagen we noch twa reiddompen en in iisfûgeltsje. Dan fleurje suver wer eefkes op”.

Fan 'e wike seagen we noch twa reiddompen en in iisfûgeltsje. Dan fleurje suver wer eefkes op”.

It docht wol bliken dat Wytse mar min te sprekken is oer de stân fan de fûgels. “Fierstente folle guozzen. Mar ek reagers en earrebarren. Se frette alles op. De piken krije hast gjin kâns mear en de kikkert yn de sleat hearst hieltyd minder”.

‘Ien grut park’            
Hoe ’t it dan ek allegear komt, wit Wytse ek net. “It is soarchlik, ek sa 't der mei de boeren omsprongen wurdt.  Kinst wol fan de boeren ôf wolle, mar wer moat ús iten dan weikomme? Ut East Europa? Moast ris sjen wat se dêr yn de grûn triuwe en oan rotsoai oer it lân struie. Dat wolst net witte en dat krije wy ek net te hearren. Meitsje der hjir mar ien grut park fan, dan kinne de boeren dêr moai op passe”, seit Wytse mei in kwinkslach. “Is dat dan wat se wolle? Ik begryp der net folle mear fan!”

In prachttiid
Mar nettsjinsteande de soargen fan hjoed de dei, is der ek tankberens, want de no 75-jierrige Wytse van der Leij kin werom sjen op in moai ferline as fjildman en sa beslút hy dan ek: “Wat hawwe wy dochs in moaie jeugd hân. Echt in prachttiid. Mar it aaisykjen, dat mis ik wol!

Ut it Jierferslach 2024 - Tekst en foto: Ynte Dragt

 



advertentie