2025-01-04 12:33:07
zondag 25 mei 2025

'Al 25 jier Kommer & Kwel yn Top & Twel'

De leden fan it jankfoddekoar Kommer & Kwel hawwe harren juster ferwenne litten om it 25-jierrich jubileum te fieren. In dei mei syn allen op paad en dat begûn moarns yn Giethoorn mei kofje en gebak en in boattocht troch it doarp. Nei dizze rûnfeart wie it op nei Wanneperveen, wêr't middeismiel (de lunch) al klear stie by De Havenmeester.

It waar wie net dinderjend, letterlik 'kommer en kwel' troch de rein en de hurde wyn. Dêrtroch koe it plande optreden op de Wheem yn Meppel spitigernôch net trochgean. Mar dat waard wer goed makke op in alternative lokaasje, yn de Kringloopwinkel fan Steenwijk! Al mei al dochs noch in moai muzikale ôfsluting fan de dei.



advertentie