Dêrom stiet jûn de ledegearkomste op it programma. Dêr wurdt ek it tema fan de kommende doarpsfeesten bekendmakke. Eltsenien is fanôf 19.30 oere fan herte wolkom yn Kafee De Buorren om dêrby oanwêzich te wêzen.
Neisit mei live muzyk
Nei ôfrin is der noch in gesellige neisit mei live muzyk fan jong muzikaal talint út eigen doarpen. In moaie pre-party dus, om alfêst yn de goede stimming te kommen foar de doarpsfeesten.