2026-03-14 13:59:15
zaterdag 14 maart 2026

Top & Twel wer 'spic & span' nei Himmeldei

Hjoed wie it wer safier. Skoaljeugd en in soad frijwilligers wienen fannemoarn al betiid op paad foar de jierlikse Himmeldei. Fanôf it opstapplak De Skou gong eltsenien it wetter op om it swalkôffal op te romjen lâns de wâlskanten fan de fearten en de marren yn ús omkriten.

Sa'n moarn yn it spier makket roppich, dêrom stie nei ôfrin en neffens tradysje de patat mei limonade wer klear yn kafee De Buorren. De Himmeldei wurdt organisearre troch de Fûgelwacht yn gearwurking mei de ZOU en skoalle CBS It Harspit.


advertentie