2021-02-10 13:11:55
woensdag 10 februari 2021

Iis op bûtewetters noch folslein ûnbetrouber

Op fersyk fan de pleatslike fertsjintwurdigers fan de 'iiswegen sintrale' jout de redaksje de warskôging troch dat it iis op 'e bûtewetters yn en om ús doarpen noch folslein ûnbetrouber is.

Minsken moatte har net ferrifelje litte, want troch de waarsomstannichheden is de kwaliteit en de sterkte fan it iis min. Hooplik kinne dizze winter de banen der letter noch troch, mar foarearst moatte wy it dwaan mei de iisbaan at dy iepen giet.

(Foto: Iisklub Rept U)


advertentie