Rob en Wiebren hawwe dêrom besletten de toertocht te ferskowen nei de maitiid fan 2022. De datum fan de earste edysje is sneon 23 april 2022 en diskear mei oernachting. Op snein 24 april giet de tocht fierder mei de weromreis nei hûs.
Tenei sil it motortreffen ek yn de maitiid plakfine, sa litte Rob en Wiebren witte. De motorleafhawwers kinne yn elts geval it wykein fan 23/24 april al frijhâlde yn de aginda.