2026-02-09 20:41:10
2026-02-09 20:41:10
maandag 9 februari 2026
Anne de Jager yn de finale A-poule te sterk foar Sietse Leenstra
De organisaasje fan it 26e Durk de Jager Trijebander Toernoai sjocht werom op twa prachtige wykeinen. Justermiddei en -jûn wie de apoteose fan it biljerttoernoai yn in drokbesocht kafee De Buorren mei de finales yn de A-, B-, C-, en D-poule.
Yn de A-finale gie de striid tusken Anne de Jager en Sietse Leenstra dy't knap oan mekoar weage wienen. Yn 14 beurten wie it Anne dy't mei 12-10 oan it langste ein luts.
Dêrfoar hie Jelle de Jager yn de B-poule al ôfrekkenne mei Herman Sijsling, de winst yn de C-poule gong nei Siemen Boschma en yn de D-poule wie Henk Meijers de bêste.
De útslach
Sjoch hjir de finalepartijen