It liket derop dat it simmerske waar noch wol eefkes oanhâldt, al wurdt de kâns op in rein- of tongerbui fanôf tongersdei wol wat grutter.
Heawaar op it Noardein
De fakânsje set utein mei treflik simmerwaar. Dat is net allinnich goed nijs foar de toeristen, mar ek foar boeren. Sy moasten lang der lang op wachtsje, mar it gers kin no eefkes op it lân lizzen bliuwe om te droegjen.