2026-03-14 13:59:15
zaterdag 14 maart 2026

Top & Twel wer 'spic & span' nei Himmeldei

Hjoed wie it wer safier. Skoaljeugd mei in soad frijwilligers wienen fannemoarn al betiid op paad foar de jierlikse Himmeldei. Fanôf it opstapplak De Skou gong eltsenien it wetter op om it swalkôffal op te romjen bij walskanten del fan de fearten en de marren yn ús omkriten.

Sa'n moarn yn it spier makket rôpich, dêrom stie nei ôfrin en neffens al jierrenlange tradysje de patat mei limonade wer klear yn Kafee De Buorren. 

De Himmeldei wurdt organisearre troch de Fûgelwacht yn gearwurking mei de ZOU en skoalle it Harspit. Foar de Fûgelwacht is it seizoen wer begien. Oer twa wiken stiet der alwer in oare aktiviteit op it programma tegearre mei de jierlikse ledegearkomste.


advertentie