2026-03-20 16:41:03
2026-03-20 16:41:03
vrijdag 20 maart 2026
Jubileumjûn ‘Dwers troch it it lekken’ mei ‘Related Stuff’
It is alwer fyftich jier lyn dat biljertferiening 'Dwers troch it lekken' oprjochte waard. No is it lekken gelokkich knap sparre bleaun yn al die jierren en waard der foaral mei in soad nocht en wille striden óp it lekken fan de biljerttafel(s) yn ús doarpscafé.
Sneontejûn wurdt it jubileum fan de feriening fierd. Earst troch de leden sels yn in besletten byienkomste. Mar nei 21.00 oere is eltsenien útnoege om it feest mei te fieren yn kafee De Buorren. Der is livemuzyk fan 'Related Stuff'.
Dat docht tinken oan de gesellige en stampfolle kafeejûnen fan eartiids. Grutte kâns dat dit moarn wer bard. Wês der dus by. Jong en âld is fan herte wolkom!
Sneon 21 maart, 21.00 oere: Jubileumfeest ‘Dwers troch it it lekken’ mei ‘Related Stuff’